Maria Bons werom yn Fryslân

24 des 2013 - 12:56

Maria Bons is werom yn Fryslân. De allinnichsteande mem út Ljouwert kaam op 16 desimber op strjitte te stean mei seis bern. Frou Bons wie oanslutend in skoftke yn Seelân, mar is no werom yn Fryslân. Se is hjir omdat se noch tal fan saken regelje moat, foardat se 'in nije start' meitsje kin. It giet dêrby ûnder oare om in pear juridyske prosedueres.

Frou Bons wurdt no yntinsyf begelaat troch Jeugdsoarch Fryslân. Jeugdsoarch befestiget dat, mar wol ynhâldlik net fierder op de saak yngean.

Frou Bons ferbliuwt op dit stuit mei har trije âldste bern op in opfangadres yn Burgum en hopet dêr de kommende dagen in bytsje ta rêst te kommen. De trije jongste bern binne tydlik by famylje. Maria Bons hat fan Jeugdsoarch it driuwende advys krigen om foarearst net mear mei de media te praten, omdat dat net yn har belang wêze soe.

Trefwurden: 
Maria Bons
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)