SR-roeiers lizze foar op skema

24 des 2013 - 12:49

De roeiers dy't dwaande binne mei de tocht by de alve Fryske stêden del, hoopje tiisdei om 14.30 oere yn Ljouwert oan te kommen. Nettsjinsteande it minne waar lizze de roeiers foar op skema en koene yn Aldtsjerk even skoft hâlde. De lêste etappe fan de maraton gie tiisdei fan Dokkum nei Ljouwert.

De roeiers wolle tusken trijen en healwei fjouweren de sjek oanbiede by it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert, de teller stie moarns op 12.000 euro.

Trefwurden: 
Serious Request roeiers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)