Bertekrik mei brûkt wurde

Greidlân
Boeren en bistedokters meie ynkoarten de bertekrik by kij brûke. Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Lânbou lit dat yn in brief oan de Twadde Keamer witte. Sy wol by it gebrûk lykwols wol in tal betingsten opstelle. Hokker dat wurde lit Dijksma noch útsykje.
Earder melde Omrop Fryslân dat Bistebeskerming Fryslân fynt dat boeren mear foarljochting krije moatte oer it brûken fan de krik. Benammen om't de krik bytiden it libben fan in keal rêde kin.