Needmaatregels by Glêzen Hûs

24 des 2013 - 12:04

De organisaasje fan Serious Request nimt by it einfeest fan tiisdeitejûn op it Aldehoustertsjerkhôf needmaatregels. It poadium sil ferstevige wurde, sadat de artysten feilich de aksje sjongend beslute kinne. Om njoggen oere komme de trije DJ's út it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert.

De teller stie moandeitejûn op 6,2 miljoen euro, in ton mear as ferline jier by de aksje yn Enschede. it jild giet nei it Reade Krús foar de bestriding fan diarree by bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)