Bergsma nimt Hooisma oer

Drankehannel Hooisma is oernommen troch Bergsma
Drankehannel Hooisma fan Harns ferhuzet nei Frjentsjer. It bedriuw wurdt oernaam troch gruthannel Bergsma. Dy sil de foarrieden fan Hooisma ûnderbringe yn syn festiging yn Frjentsjer. De namme Hooisma bliuwt wol bestean.
De seis personielsleden gean mei oer, dat jildt foarearst ek foar de twa direkteuren. De ferhuzing krijt syn beslach yn it earste fearnsjier fan takom jier.