Banen derby yn Drachten

23 des 2013 - 21:18

It giet kranebouwer SMST yn Drachten foar de wyn. It bedriuw is driuwend op syk nei nij personiel. Dat hat te krijen mei it grut tal nije opdrachten dy't it bedriuw binnenhelle hat. SMST is ûnder oare op syk nei in Lead Engineer en een Senior Electrical Engineer. De funksjes binne benammen bedoeld foar minsken dy't in hege technyske oplieding dien hawwe.

De groei wol net fuortendaliks sizze dat de ekonomy no ek oanlûkt. Dochs binne de nije opdrachten fan SMST wol in yndikaasje dat it de goede kant útgiet, sa seit it bedriuw.

Trefwurden: 
Drachten SMST technyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)