Thialf krijt Facebookstuollen

03 feb 2012 - 14:41

Thialf is it earste stadion yn Europa dêr't stuollen reservearre wurde kinne troch brûkers fan Facebook. Tenei sitte by alle ynternasjonale reedrydwedstriden twa Facebookbrûkers foaroan. Om sa'n plak te krijen moatte brûkers fan it sosjale netwurk de pagina fan reedrydsponsor Essent 'like' en in stoel klaime yn in firtueel Thialf.

De earste kear dat soks kin is by de wrâldbekerwedstride fan begjin maart op It Hearrenfean. Ek by de WK ôfstannen wurde der plakken ynnommen troch Facebookers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)