Poepaksje HumpyDumpy foar SR

23 des 2013 - 17:41

By bernedeiferbliuw HumpyDumpy yn Snits hawwe se in hiel tapaslike aksje hâlden foar Serious Request. Der wurdt mei Serious Request dit jier aksje fierd tsjin diarree en sadwaande draaide ek de aksje yn Snits om poep. Eltse kear dat der poept waard troch de bern, moasten de heiten en memmen ien euro betelje.

En dat hat yn in wike tiid 200 euro opsmiten. Moandei hawwe de bern fan de BSO it jild nei it Saailân yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)