Soad folk yn spoekhûs Hôf

23 des 2013 - 16:39

Grizelje yn de kelders fan it gerjochtshôf. It koe moandei. Foar ien dei wie it ûndergrûnske sellekompleks feroare yn in spoekhûs. Op it plak dêr't oars detinearden op de sitting wachtsje, rûnen no meiwurkers fan it hôf as somby's om.

De earste groep minsken dy't deryn gie, hie tagongskaartsjes fia in feiling krigen. Foar it gerjochtshôf stie in lange rige minsken oant fier it plein op. Se woene allegearre it spoekhûs yn, want dat skynt spektakulêr te wêzen. De opbringst fan it spoekhûs is foar Serious Request.

It spoekhûs is noch oant moandeitejûn 22.00 oere iepen.

Besjoch hjir ús webcam op it Saailân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)