Loop Ljouwert-Marsum skrast

© Foto Anton Kappers
De organisaasje fan de loop Ljouwert-Marsum-Ljouwert hat de draaftocht fan sneon ôflast. De hurdrinklup fynt it net ferantwurde om it trochgean te litten, fanwege de snie op it parkoers. De ferwachting is dat dy snie der sneon ek noch wol lizze sil.
De organisearjende atelykferiening Lionitas seit dat se dêrtroch net ynstean kin foar de feilichheid fan de rinners, mar ek net fan dy fan de frijwilligers.