Hinnekarmaster nimt ôfskie

Karmasters foar plomfee binne der yn Fryslân wol mear. Mar ien dy't it 30 jier docht en as A-karmaster keuringen fersoarget; dat is wol bysûnder. Sikke Oostenbrug fan Bûtenpost moat der fanwege syn sûnens mei ophâlde. Omrop Fryslân wie by syn lêste dei by de plomfeekeuring yn Droegeham.
Oostenbrug giet net ferlern foar de plomfeehâlderij. Hy is foarsitter fan de Fryske hinneklup en publisearret ek geregeld oer plomfee.