Soarch oer brânwachtkazernes

De Fryske brânwachtfrijwillgers binne benaud dat der yn de takomst mear brânwachtposten sletten wurde. Fan 1 jannewaris ôf foarmje de gemeentlike brânwachtkorpsen ien grut regionaal brânwachtkorps. De kommende jierren sil sjoen wurde nei de meast geunstige dekking fan korpsen en kazernes.
Neffens de fakferiening foar brânwachtfrijwillgers (VBV) hat de nije dekkingskaart gefolgen foar it fuortbestean fan besteande kazernes. Der binne yn Fryslân no noch 65 kazernes. De frijwilligers tinke dat der minder wurde sille.