SR:Wer fertraging foar roeiers

23 des 2013 - 12:19

De roeiers dy't dwaande binne mei de roei-alvestêdetocht hawwe op 'e nij fertraging oprûn. By Frjentsjer wiene der problemen mei de kraan dy't de sloep oer it wetter helpe moest. Sneon binne de roeiers yn Ljouwert úteinset en de planning fan moandei is om fan Harns nei Dokkum te gean. It is in swiere tocht, omdat de roeiers lest ha fan kjeld en hege golven.

Dochs bliuwt de sfear goed. Lâns de rûte trede ferskate dweilorkestjes op. Nei alle gedachten sille de roeiers moandeitejûn om 7 oere yn Dokkum oankomme.

Omdat de wyn út de goeie hoeke komt kinne de roeiers wer ferlerne tiid goedmeitsje. Se hawwe oant no ta sa'n 15.000 euro ophelle.

Trefwurden: 
Serious Request roeie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)