SR: Topdrokte op it Saailân

Alle parkeargaraazjes fan Ljouwert steane fol. Dat meldt Marketing Ljouwert snein yn in berjocht op Twitter. Minsken dy't noch ûnderweis binne nei de Serious Request-aksjes op it Saailân kinne foar it parkearen it bêste útwike nei it Fonteinlân of it WTC. Mei it iepenbier ferfier of op de fyts komme kin fansels ek.
It plein by it Glêzen Hûs stiet alwer fol mei minsken en de ferwachting is dat it noch drokker wurde sil. In ferrassingsoptreden fan de Belgyske sjonger Stromae wie snein ien fan de hichtepunten.
Stromae, dy't eins Paul van Haver hjit, song live syn hits Formidable en Papaoutai.