Warskôging foar wynstjitten

22 des 2013 - 15:08

De Fryske kust moat snein en moandei rekken hâlde mei bluisterich waar. It kin de kommende dagen stoarmeftich wurde mei wynkrêft 9 oant 11. Omdat der kâns is op swiere wynstjitten warskôget Piet Paulusma foar oerlêst troch gefaarlik waar. De warskôging jildt benammen foar de kust, it Waad en de Iselmar. De warskôging jildt benammen foar moandeitejûn. Dan sil de stoarmwyn oanhâlde oant tiisdeitemoarn.

De oarsaak fan it ûnlijige waar moat socht wurde yn in bysûnder djippe 'orkaandepresje' by Skotlân. Ek dêr stil it stoarmje.

As gefolch fan de stoarm kin pleatslik skea ûntstien. Ek kinne op 'e nij beammen omwaaie. Tiisdei sil in soad reinwetter falle mei temperatueren om de 11 oant 12 graden hinne. Dêrnei sil de wyn ôfnimme, mar bliuwt it foarearst wiet.

Trefwurden: 
wyn stoarm warskôging KNMI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)