Auto oer de kop by Terbant

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 22-jierrige autorider fan Seewolde is sneintemoarn ferskate kearen oer de kop gien op in ôfrit fan de A32 by Terbant. De man woe de ôfslach nei De Jouwer nimme, mar syn auto begûn yn de bocht te glydzjen. De man ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin de fangrail. De auto fleach oanslutend fan it talud ôf en sloech in kear as wat oer de kop.
De auto kaam op de kop ta stilstân. De bestjoerder is foar kontrôle mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.