Man botst op beam by Jirnsum

22 des 2013 - 12:52

Op de Grousterdyk by Jirnsum is sneontejûn in Grouster (31) mei de auto op in beam botst. De man kaam fan Jirnsum en wie ûnderweis nei Grou, doe't er troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer ferlear. De man kaam tsjin in beam ta stilstân.

De man waard troch de brânwacht út syn auto helle en waard ferwûne oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert. Dêr waard in bloedproef by de man ôfnommen. Fierder ûndersyk moat útwize oft de man ek ûnder ynfloed wie. De plysje ûndersiket dat.

Trefwurden: 
Jirnsum botsing beam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)