Epke nei de Olympyske Spelen

03 feb 2012 - 12:48

Epke Zonderland docht takom simmer mei oan de Olympyske Spelen yn Londen. Dat is freedtemiddei bekend makke troch it gymnastykbûn KNGU. Zonderland moat yn de kommende moannen noch wol foarmbehâld toane.

Epke wie tegearre mei Jeffrey Wammes yn de race foar ien plak op de spelen. Beiden foldienen begjin jannewaris oan de kwalifikaasjeeasken. Sûnt dy tiid wie der nochal wat argewaasje oer de fraach wa't no gean moast. De kâns bestiet dat Wammes it beslút fan de KNGU noch foar de rjochter oanfjochtsje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)