Aris yn triller foarby Grins

21 des 2013 - 22:48

Aris hat sneontejûn in hiele kreaze prestaasje delset. De basketballers fan Ljouwert wienen mei 77-75 te sterk foar de GasTerra Flames út Grins. In bysûndere prestaasje, om't Grins al trettjin wedstriiden op rige wûn hie. Yn it tredde kwart stie Aris noch mei 39-59 efter, mar troch in machtige ynhelrace wist Aris dochs noch te winnen. De skoare hie noch heger útfalle kinnen, want Aris miste leafst sechstjin frije ballen. Oer twa wiken komt de ploech fan trainer Ed Molthoff wer yn aksje. Dan is de nûmer lêst, Weert, yn Ljouwert de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)