Ferlies SC Cambuur yn Breda

SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin NAC Breda mei 1-0 ferlern. Beide ploegen spilen net har bêste wedstriid yn kâlde omstannichheden. De kânsen wiene op de fingers fan ien hân te tellen. Rydell Poepon wie der yn de earste helte it tichtste by, mar keeper Leonard Nienhuis wie de rêder foar de Ljouwerters. Dyselde Nienhuis wie yn de 74e minút kânsleas op in frije traap fan Anouar Hadouir.
Ynfaller Mart Dijkstra makke hast de 1-1, mar Tim Gilissen helle de kopbal fan de line. Cambuur giet mei 16 punten de winterstop yn.