Rûnom aksje foar SR

21 des 2013 - 15:41

De biljertmaraton fan de gemeente Ljouwert hat 3.826 euro opsmiten foar Serious Request. Amtners fan de gemeente hawwe 24 oeren lang oan it biljerten west op it stedskantoar. Boargemaster Crone die ek even mei, lykas sterke man Wout Zylstra.

De roeiers fan de roeimaraton binnen sneontemoarn fan start gien yn Ljouwert. De planning is dat de roeiers sneontejûn yn Frjentsjer útkomme en snein wer nei Ljouwert takomme. Der dogge 225 minsken mei yn 13 ploegen. Foar de start hienen se al 10.000-en euro's ophelle.

Yn Dokkum binne sneon acht muzykferienings út Noardeast-Fryslân úteinset mei de Serious Streetparade. De 350 muzikanten rinne troch ferskate doarpen en wolle oan it begjin fan sneontejûn by it Glêzen Hûs wêze. Op it Saailân yn Ljouwert wie sneon oan it begjin fan 'e middei de Santarun. It reinde op dat stuit, mar dêr lutsen de dielnimmers harren neat fan oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)