Frou oer de kop op A32 by Nes

21 des 2013 - 14:18

In 23-jierrige frou út Ljouwert is freedtejûn ferwûne rekke doe't se mei har auto oer de kop slein is op de A32 by Nes (Boarnsterhim). De auto rôle in pear kear oer de kop en kaam yn 'e sleat ta stilstân. Tsjûgen hawwe de frou út de auto helle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)