Lêste wedstriid Sherida Spitse

Sherida Spitse yn aksje foar Oranje © awfoto.nl
Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits hat freed har lêste wedstriid foar in Nederlânske klup spile. Mei FC Twente bekroande se har fuotbalkarriêre yn Nederlân mei in 9-0 oerwinning op it Belgyske Club Brugge. De middenfjilder skoarde boppedat har 25e doelpunt foar de Tukkers.
Fan 2 jannewaris ôf spilet Spitse by it Noarske Lillestrøm SK. Se is dêrmei de earste Nederlânske fuotbalster dy't fia in transfer nei it bûtenlân giet. Der spylje wol mear Nederlânske froulju yn it bûtenlân, mar noch nea earder waard in spylster kocht troch in klup.
Sherida Spitse spilet sûnt 2007 op it heechste nivo yn de fuotbalwrâld en kaam fan 2007 oant 2012 út foar SC Hearrenfean. Dêrnei makke se de oerstap nei FC Twente, wêrmei't se ferline seizoen lânskampioen waard. Spitse spile oant no ta 86 ynterlâns mei it Oranje alvetal.