Nij bod direksje Prins Dokkum

Staking Prins Dokkum © Omrop Fryslân, Alle Faber
De direksje fan Prins Dokkum hat de âld-meiwurkers in nij bod dien. Dat seit Frans Strolenberg fan fakbûn CNV. De direksje soe sein ha dat it personiel fjouwer moanne oan salaris krije kin. It is noch net dúdlik oft de meiwurkers hjir mei akkoart geane. Ofrûne tongersdei wie de lêste wurkdei by Prins Dokkum, mar de prosedueres gean noch gewoan troch.
Sa rint der ûnder oare noch in rjochtsaak oer de ûntslachproseduere. Begjin dit jier krigen tsientallen meiwurkers fan it bedriuw dien, fanwege in reorganisaasje.