'Net sjitte op waskbearhûn'

De waskbearhûn moat net langer ôfsketten wurde yn Fryslân. Dat seit wylde bistesaakkundige Jaap Mulder. De waskbearhûn is in wyld bist dy't hieltyd mear ek yn Fryslân foarkomt. It bist wurdt beskôge as in bedriging foar greidefûgels en sadwaande mei der op jage wurde. Wylde bistesaakkundige Jaap Mulder seit lykwols dat de waskbearhûn mar kwalik skea oanrjochtet en dat it ôfsjitten ferbean wurde moat.
Steatssiktaris Dijksma docht ûndersyk nei de waskbearhûn. Binnen twa moanne lit se de Twadde Keamer witte oft der ek echt in ferbod komt.