SR: PvdA-toppers feile harsels

Diederik Samsom (PvdA) © ANP
De PvdA docht ek mei oan Serious Request op it Saailân. Op Marktplaats kinne je biede op in lunsj mei minister Asscher of Plasterk of op in besite oan Pinkpop mei minister Timmermans. De feiling foar in lunch mei fraksjelieder Diederik Samsom hat 2020 euro opbrocht en is yntusken sletten. Op in lunch mei Asscher of Plasterk kin noch bean wurde. Sneontemoarn stie de teller op 625 en 800 euro.
De PvdA hat noch mear oanbiedings: Je kinne ek earlik shoppe mei minister Ploumen of mei minister Bussemaker nei Noorderslag yn Grins.
De steatssiktarissen Dijksma en Mansveld dogge ek oan de aksje mei. Dijksma biedt in besite oan Ecomare op Teksel oan, Mansveld hat in keunstwurk yn de oanbieding. De keapers binne by dizze feiling ferplicht om itjinge dat se keapje ek echt ôf te nimmen.
Politisy fan oare partijen hawwe har sneon spontaan by de aksje oansletten. It giet om Alexander Pechtold fan D66, Sybrand van Haersma Buma fan it CDA en Norbert Klein fan 50Plus. Sy hawwe alle trije in lunsj yn parsesintrum Nieuwspoort en in rûnlieding troch de Twadde Keamer yn de oanbieding. De opbringst giet - fansels - nei Serious Request.