Flyers winne fan koprinner

De UNIS Flyers ha freed de iishockeytopper tsjin de Tilburch Trappers wûn. Fia de perioadestannen 2-0, 0-1 en 2-0 waard de koprinner mei in 4-1 nederlaach nei hûs stjoerd. Grutte man by de Flyers wie Jade Galbraith. De nije oanwinst út Calgary skoarde de 1-0, en yn de tredde perioade wie de Kanadees al nei fjirtjin tellen goed foar de 3-1.
Kevin Bruijsten makke de oare twa goals. Op 15 jannewaris spylje de Flyers yn Eindhoven de bekerfinale tsjin Tilburch.