Ekdom gasthear yn De Bak

20 des 2013 - 21:46

Yn Ljouwert ite alle dagen 150 gasten yn de Blokhúspoarte foar it goede doel. Kafee De Bak yn de âld-finzenis is foar ien wike omboud ta Ekdoms Ytkafee. Gerard Ekdom is ien fan de dj's fan radiostjoerder 3FM, dy't sels ek ferskate kearen yn it Glêzen Hûs sitten hat. Dit jier sit hy dêr lykwols net yn en dat betsjut ek dat hy ek net mei hoecht te dwaan oan it fêsten.

Seis dagen lang organisearret hy foar gasten dêrom in feestmiel. De opbringst dêrfan giet nei Serious Request fan it Reade Krús.

Dinearje yn De Bak is net mear mooglik. Alle plakken binne al reservearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)