Plan foar klaverblêd It Fean

20 des 2013 - 21:46

It klaverblêd Noordoost by It Hearrenfean wurdt de kommende tiid mooglik dochs ûntwikkele as bedriuweterrein. De gemeente Hearrenfean wol dêr bedriuwen kwyt as it hjoeddeiske bedriuweterrein IBF fol sit. Hearrenfean hat in soad jild ferlern op dat gebiet. It spoar nei Grins soe dêr oanlein wurde en dus wie der romte yntekene foar bedriuwichheid.

Om't it spoar skrast waard en der troch de krisis kwealik grûn ferkocht waard wie de grûn amper mear wat wurdich. De gemeente sil fierder yn it sintrum op syk nei in lokaasje foar supermerken.

Eardere plannen by it Molenplein yn it plak waarden troch de provinsje blokkeard. Dat soe tefolle jild kostje en Hearrenfean stiet ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. Wat de nije lokaasje wurde moat wol wethâlder Siebenga noch net sizze omdat se noch dwaande binne mei de planmakkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)