Ferskate ûngelokken troch snie

Der ha har troch de snie yn Fryslân ferskate ûngelokken foardien. Op de A7 gie it mis by De Jouwer, Folsgeare en Haskerdiken. Ek wiene der ûngelokken yn Dokkum, Driezum en Grou. Yn de measte gefallen gie it om blikskea. Hjir en dêr moast der in ambulânse oan te pas komme om minsken te ûndersykjen dy't yn 'e sleat rekke wiene.
Rykswettersteat, provinsjale wettersteat en de gemeenten binne drok dwaande de diken skjin te meitsjen. Rykswettersteat hat tritich auto's op 'e dyk. Dy skowe en struie ek sâlt. Ek provinsjale wettersteat is yn aksje.
Neffens provinsjale wettersteat is it dreech de diken skjin te krijen, omdat troch de lege temperatuer fan it weitek it sâlt minder goed wurket en de snie mear plakken bliuwt. De ferwachting is dat de situaasje yn de rin fan freedtemiddei better wurdt. Om in oere as twa sil it ophâlde fan snijen en dan moat it makliker wurde om de diken skjin te meitsjen.