Keamerfragen dioksine-aaien

20 des 2013 - 17:02

Twadde Keamerleden fan de PvdA hawwe freed keamerfragen steld oer de dioksine yn aaien yn Harns. Sy wolle fan de minister fan Folkssûnens en de steatssekretarissen fan Miljeu en Ekonomyske Saken witte oft sy in ferklearring ha foar it hege dioksinegehalte yn de aaien en oft dizze aaien út de hannel helle binne. Ek wolle se witte oft der ûndersyk dien is nei dioksine yn de molke fan kij yn de buert fan de ôfffaloven fan Omrin.

De fragestellers freegje har boppedat ôf oft de politisy sels ek in ûndersyk ynstelle sille nei de dioksine-aaien.

De dioksine is oantroffen yn hinne-aaien fan trettjin hobbyboeren yn de buert fan de ôffaloven. De RIVM docht al ûndersyk nei de dioksine yn de aaien. Ek de gemeente Harns ûndersiket de saak tegearre mei de GGD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)