Lêste wurkdei by Prins Dokkum

20 des 2013 - 15:51

It wurk by fangrailfabryk Prins Dokkum is freed definityf ôfrûn. Begjin dit jier hat der in grutte reorganisaasje by it bedriuw plakfûn, dêr't tsientallen meiwurkers by ûntslein binne. Alve meiwurkers wiene de lêste moannen noch oan it wurk, mar dy hawwe no ek har lêste wurkdei hân. Fjouwer wurknimmers bliuwe noch by it bedriuw aktyf op de ôfdieling ferkeap.

Nettsjinsteande it feit dat der hielendal gjin wurk mear is by Prins Dokkum, bliuwe de fakbûnen FNV en CNV noch striidber. Sa rint der noch in rjochtsaak nei de ûntslachproseduere.

De ûntslachproseduere is neffens de fakbûnen net goed ferrûn. Dêrneist wurdt noch hieltyd besocht om in goed sojsaal plan te krijen foar de âld-meiwurkers.

Trefwurden: 
Dokkum Prins Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)