Huzum yn aksje foar Glêzen Hûs

20 des 2013 - 13:50

Under it motto 'Huzum foar Serious Request' ha rom 200 bern fan trije skoallen yn optocht freedtemiddei in sjek fan rom 25.000 euro oanbean by it Glêzen Hûs. It giet om bern fan gymnasium Beyers Naudé, de Johan Willem Friso skoalle en 't Palet. It jild is byelkoar garre troch in ferskaat oan aksjes op de skoallen, sa as in ferlotting en in wedstriid wc-potten smite. Mar bygelyks ek mei it wyksintrum ha de learlingen aksjes organisearre.

Der wiene op it Saailân ek sjeks mei lytsere bedragen, lykas dy fan basisskoalle It Kampke fan Ternerhe.

Bern fan dy basisskoalle hiene mei ferskate aksjes 1354 euro byinoar sammele en brochten dy sjek freed nei it glêzen hûs.

Trefwurden: 
Huzum Serious Request
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)