Grinzer mishannele yn Damwâld

20 des 2013 - 13:42

De plysje hat tongersdeitejûn in 22-jierrige man út Grins en in 28-jierrige man út de gemeente Ten Boer oanholden op fertinking fan in mishanneling earder op 'e jûn yn Damwâld. De beide manlju mishannelen in 28-jierrige man út Grins en flechten dêrnei yn in buske.

De plysje trof it slachtoffer op it fytspaad njonken de Haadwei yn de rjochting fan Dokkum. Nei in koarte syktocht koe de plysje de beide manlju oanhâlde. Se sitte noch fêst op it buro. Der is noch neat bekend oer de tadracht fan de mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling Damwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)