Flechtsjende Harkyt oanholden

20 des 2013 - 13:07

In 25-jierrige man fan De Harkema en in frou fan 19 jier út Enschede binne yn de nacht fan tongersdei op freed yn Grins op in parkearde auto botst. Dat barde neidat se by Aduard in stopteken krigen fan de plysje, mar wegeren te stopjen. Doe't se útnaaiden, botste it twatal op de auto yn de Isebrandtheerd yn Grins. Dêrnei gongen se rinnend fierder. Nei in achterfolging koe de plysje de twa oanhâlde.

By kontrôle die bliken dat de kentekenplaten net by de auto hearden. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Grins botsing De Harkema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)