PM-kanaal nei Rykswettersteat

20 des 2013 - 11:57

Rykswettersteat wurdt fan takom jier ôf ferantwurdlik foar it behear fan it Prinses Margrietkanaal. Ek it Grinzer Van Starkenborghkanaal en it Eemskanaal falle fan 2014 ôf ûnder it behear fan Rykswettersteat.

Al yn 2011 hawwe de provinsjes Fryslân en Grinslân mei it ryk ôfpraat dat dizze kanalen fan eigener oergean nei Den Haach. Mei it tekenjen fan in konvenant ôfrûne wike is dat no offisjeel wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)