Dongeradiel miskien ek yn SUN

20 des 2013 - 11:46

De gemeente Dongeradiel wol graach dat de eigen gemeentlike needhelporganisaasje gearwurkjen giet mei of sels opgiet yn de Stichting Urgente Noden Fryslân. Dat seit wethâlder Sicco Boorsma yn reaksje op de foarsitter fan SUN, Rimmer Mulder.

SUN helpt minsken dy't yn finansjele swierrichheden sitte en noch gjin berop dwaan kinne op regelingen. Dat oantal nimt hieltyd ta. Tsien Fryske gemeenten binne net oansletten by SUN, wêrûnder Dongeradiel. Se ha wol eigen needhelp, mar SUN beskikt oer gruttere bedragen, seit Boorsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)