Ton foar Noardkaap Challenge

20 des 2013 - 09:31

De Noardkaap Challenge hat mear as in ton opsmiten foar Serious Request. Tweintich teams hienen twa wiken nedich om mei de auto fan Ljouwert nei de Noardkaap te riden en wer werom. De dielnimmers hiene sponsoren socht en koene ûnderweis jild fertsjinje mei opdrachten.

Tongersdeitemiddei kamen de sjauffeurs wer werom mei in bedrach fan 102.335 euro. It doel wie minimaal in ton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)