Serious Request 1 miljoen euro

De aksjes foar Serious Request hawwe oant no ta goed 1 miljoen euro opbrocht. Dat is tongersdeitejûn bekend makke yn it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert. De aksje draaide op dat stuit goed 24 oeren. Woansdei giene de doarren fan it Glêzen Hûs op slot en koene de minsken foar it earst jild bringe. En dat waard massaal dien. Ferline jier wie de tussenstân nei ien dei 910-tûzen euro.
Tongersdeitejûn waard op ferskate plakken yn de provinsje ek wer aksjefierd om jild op te heljen. Sa waard der yn de Ljouwerter finzenis fuotballe troch in seleksje fan Cambuur en Hearrenfean tsjin de bewenners fan de PI Ljouwert. Op it Saailân kaam Syb van der Ploeg om in oere as healwei tsienen oan nei syn tocht by de alve stêden del. Dy tocht hat goed 27-tûzen euro opsmiten foar it goeie doel.