Eaststellingwervers tefreden

19 des 2013 - 20:17
Gemeente Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân

De ynwenners fan Eaststellingwerf binne bot tefreden oer harren leefomjouwing. Dat docht bliken út in enkête dy't de gemeente dwaan litten hat. De ynwenners jouwe harren leefomjouwing gemiddeld in 7,7. Allinnich oer de boarterstunen binne se minder te sprekken. Dy krije in 5,9. Yn 2010 hat de gemeente ek sa'n enkête hâlden en op hast alle punten binne no bettere skoares helle.

(advertinsje)
(advertinsje)