H'fean presintearret bestjoer

SC Hearrenfean hat tongersdei har nije bestjoer offisjeel presintearre. Undernimmer Jelko van der Wiel is de nije foarsitter fan 'e fuotbalklup. Ald-keeper Hans Vonk is de nije technysk direkteur en tenei ferantwurdlik foar de spilersoankeapen. Der wienen 42 kandidaten om út te kiezen foar dit bestjoer. De ûndernimmingsried hat in protte krityk op de beneaming fan de sân bestjoersleden. Uteinlik hat dit gjin ynfloed hân op de ynfolling fan it nije bestjoer.
Fan dit wykein ôf nimt it nije team de lieding oer de klup. Foar Foppe de Haan en Riemer van der Velde is der in rol as adviseur.