Gjin ekstra treinen foar SR

© ANP XTRA
De tsjinstregeling fan de treinen wurdt fan 'e wike net oanpast yn ferbân mei Serious Request. Dat lit ferfiersbedriuw Arriva witte yn in reaksje op de grutte drokte. Benammen op de treinen yn de rjochting Grins wie it sa drok dat net foar elkenien in plak wie yn de trein.
Neffens Arriva is it lykwols net nedich om ekstra treinen yn te setten. Wol wurde langere treinen ynset. Der is boppedat mear personiel op it stasjon fan Ljouwert en yn de treinen om minsken te helpen.