Achtkarspelen wint taalpriis

19 des 2013 - 15:05

Mei it idee foar in Frysktalige skriuwwedstriid ynspirearre op folksferhalen wint de gemeente Achtkarspelen de Taalbeliedpriis 2013. De priis bestiet út in bedrach fan 2500 euro foar de útfiering fan it plan.

Neffens de sjuery fertsjinnet de gemeente Achtkarspelen de priis, omdat it plan goed útwurke en hiel konkreet is. It draacht by oan it mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk, mar ek oan it Frysk kultureel erfguod. De taalbeliedspriis is in inisjatyf fan Gemeenten&Frysk en de Afûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)