SR-webcam Omrop lûkt soad folk

De webcam dy't Omrop Fryslân yn de tydlike eigen studio op it Saailân delhongen hat, is in grut sukses. Yn twa dagen tiid is de webcam tsientûzenen kearen oanklikt. De kamera jout in byld fan de aktiviteiten dy't op it Saailân plakfine fanwege Serious Request, de goede-doelenaksje fan 3FM. De kamera is ophongen yn Studio Saailân, it tydlike ûnderkommen fan de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy't alle dagen foar radio, televyzje en ynternet ferslach dogge fan de aktiviteiten op it Saailân.
Der sitte konstant hûnderten minsken nei de bylden fan de Omropkamera te sjen. De webcam wurdt yntusken ek troch in grut tal oare media trochlinkt. De kamera bliuwt yn alle gefallen oant en mei de krystdagen yn de loft. De apparteminten, dêr't Studio Saailân yn ûnderbocht is, binne beskikber steld troch Makelaardij Friesland.