Mear Friezen yn de ww

It tal Friezen mei in ww-útkearing is it ôfrûne jier bot tanaam. Yn fergeliking mei ein novimber ferline jier is it tal ww-útkearings mei 24,2 persint omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan útkearingsynstânsje UWV. Op 't heden krije sawat 19.000 ynwenners fan Fryslân ww.
De Fryske taname yn 2013 is heger as yn Grinslân, mar krekt wat leger as yn Drinte. Op de eilannen Flylân en It Amelân groeide it tal ww'ers it hurdst. Dat hat mei it seizoen te krijen. Nei de simmer sakket de wurkgelegenheid yn de hoareka altyd yn.