Brêge Starum te breed

19 des 2013 - 13:56

De nije brêge oer de slûs yn Starum komt trije dagen letter oan as ferwachte. In ûnderoannimmer hat wat al te fanatyk oan it laskjen west. Dêrtroch binne dingen oan de brêge fêstmakke dy't him oardel meter breder meitsje as tastien foar ferfier oer de dyk.

De brêge koe net oer de dyk. Foar dat probleem is úteinlik in oplossing fûn. De brêge wurdt tongersdei net oer de wei, mar mei in skip nei Starum ferfierd. Dêr sil er deselde jûn noch oankomme.

Trefwurden: 
Starum brêge slûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)