Fysio's lilk op De Friesland

19 des 2013 - 13:10

Fryske fysioterapeuten binne lulk op soarchfersekerder De Friesland. Sy fine dat de fersekerder dúdliker wêze moat tsjin de pasjinten oer de fergoeding fan de behannelings. En foaral oer wêrom't se sa faak ekstra behannelings ôfwize.

Pasjinten mei in oanfoljende fersekering kinne mear behannelings fergoede krije as de 36 dy't yn it pakket sitte. Dêr moat de fysioterapeut in fersyk foar yntsjinje. Twa fan de trije kear wiist De Friesland dat ôf en dêr hawwe de fysioterapeuten in probleem mei.

No gean minsken der faak fan út dat se altyd rjocht hawwe op mear behannelings, seit Brechtus Engelsma, foarsitter fan Regionaal Genootschap Fysiotherapie Het Noorden.

Trefwurden: 
De Friesland fysioterapeut
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)