Ljouwerter mei drugs oppakt

03 feb 2012 - 10:23

De plysje hat fannacht in Ljouwerter (26) oppakt omdat er harddrugs by him hie. De plysje kaam de man op it spoar doe't er út in hoarekagelegenheid set waard omdat er him dêr ferfelend gedroech. By it útsetten foel der in pûdsje mei wyt poeier út de bûse fan de man. De warskôge plysje fûn ek noch in blikje mei pillen by him.

De man is fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
drugs harddrugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)