Autorider ferwûne nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In automobilist (24) fan It Hearrenfean is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Lukswâld. De man rekke de auto foar him, nei alle gedachten omdat er sloech waard. Hy fleach troch de klap oer de kop en moast mei de ambulânse oerbrocht wurde nei it sikehûs.
De bestjoerder fan de auto dêr't er by opried rekke net ferwûne. Fanweger it ûngelok moast de A7 by Lukswâld in skoftke ôfset wurde.