Gerrie makket har op foar TVOH

Opnij makket in Fries grutte kâns om The Voice of Holland te winnen. Nei't ferline jier Johannes Rypma twadde waard en Iris Kroes twa jier ferlyn wûn, stiet no Gerrie Dantuma út Stiens yn de finale fan de populêre talinteshow. Dy finale is freedtejûn. It publyk bepaalt wa't de winner wurdt.
Dantuma hat de ôfrûne tiid net folle yn Stiens west. Har libben spilet him no foaral ôf op it Hilversumske Mediapark en yn it hotel mei de oare dielnimmers. Se hat it smoardrok mei de tariedings foar de finale, ynterviews en optredens.
De oare finalisten binne dochs wol wat benaud foar alwer in Fries yn 'e finale, sa fernimt de 29-jierige Gerrie. Der binne noch fjouwer talinten oer: Julia van der Toorn, Jill Helena en Mitchell Brunings en Gerrie. Yn de finale sjonge de dielnimmers ek in duet mei in Nederlânske artyst. Dat binne Sharon Doorson, Niels Geusebroek, Waylon en Mr. Probz.